Nach Genre filtern
- 39 - De boaiem berikt 1 - Pieter van der Valk
Pieter van der Valk leaut dat de lânbou in soad problemen fan de maatskippij oplosse kin. Dêrfoar hat er de koöperaasje 'Agricycling' oprjochte. Want it recycljende fermogen fan de lânbougrûn moat folle better brûkt wurde. Dêr hat de boer baat by, maar de boarger ek.
Fri, 20 Jan 2023 - 1h 09min - 38 - De boaiem berikt 2: Martien Lankester
It belang fan sûn iten wurdt hieltyd mear oantoand. Mar toch is de merk foar 'biologysk' lyts. Wolle we dat de lânbou dizze rjochting ynslacht, dan moatte konsuminten wol om dy produkten freegje. Mei it pilotprojekt 'Bioregio' wol Martien Lankester de minsken massaal oan it sûne iten krije.
Sat, 21 Jan 2023 - 54min - 37 - De boaiem berikt 3: Gjalt de Jong
Yn 2030 moat leafst 50% fan de lânbou yn Noard-Nederlân natuerynklusyf wêze. Dat is de ambysje fan heechleraar Gjalt de Jong. De professor hat sels in transysje ûndergien fan 'Donald Trump ekonoom' nei in aktivistysk wittenskipper dy't him folslein ynset foar duorsum ûndernimmerskip.
Sat, 21 Jan 2023 - 1h 32min - 36 - De ûntdekking fan Fryslân 1: de ferbylding oan 'e macht
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 1 'De ferbylding oan de macht' begjint by it Paleis fan Justysje yn Ljouwert op 16 novimber 1951: Kneppelfreed. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
Fri, 11 Mar 2022 - 43min - 35 - De ûntdekking fan Fryslân 2: It alter fan de frijheid
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 2: 'It alter fan de frijheid' giet oer de Upstallbeam yn Dútslân en de midsiuwske fresko's yn it tsjerkje fan Westerwijtwerd. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
Fri, 11 Mar 2022 - 56min - 34 - De ûntdekking fan Fryslân 3: De ein fan de beskaving
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 3: 'De ein fan de beskaving' fiert nei de universiteit fan Frjentsjer en nei De Gordyk, dêr't it giet oer de ekonomyske ûntwikkeling fan súdeast-Fryslân. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
Fri, 11 Mar 2022 - 37min - 33 - De ûntdekking fan Fryslân 4: In rurale idylle
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 4 hjit: 'In rurale idylle'. Skiednis, taal en lânskip klinke yn de gedichten fan Gysbert Japicx en binne optekene yn de atlassen fan Schotanus. Oan de ein fan de 19e iuw drage de earste tydskriften by oan de romantyske ideeën oer it Fryske plattelân. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
Fri, 11 Mar 2022 - 41min - 32 - De ûntdekking fan Fryslân 5: Is this Friesland?
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. It lêste diel, diel 5, hat as titel in fraach krigen: 'Is this Friesland?' De wrâld feroaret, kultuer is yn beweging. Wat is der te sizzen oer de identiteit fan it Fryslân fan no? Looper begjint yn it Fries Film Archief en komt dan by de fontein fan Jaume Plensa yn Ljouwert, dy't symboal stiet foar 'beweging'. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
Fri, 11 Mar 2022 - 57min - 31 - De lange azem - spesjalisten oer Long COVID
Long COVID is in nije sykte. Sa'n 10 prosint fan de minsken dy't besmet west hawwe mei it coronavirus, hâldt lang klachten. As dy langer as trije moannen oanhâlde, sprekke we fan Long COVID. It ûndersyk nei dizze sykte is noch mar krekt fan start. Yntusken wrakselje pasjinten mei de erkenning en de ûndúdlikens fan dizze sykte. Longarts Jolanda Kuijvenhoven en fysioterapeut Afien Wybenga diele ynformaasje oer dizze sykte en de behanneling dêrfan. Dizze podcast heart by de FryslânDOK TV-dokumintêre: 'De lange azem - libje mei Long COVID': https://www.omropfryslan.nl/utstjoering/fryslandok-fan-30-jannewaris-2022-1700 www.herstelnacovid.nl www.c-support.nu www.longfonds.nl
Tue, 25 Jan 2022 - 29min - 30 - Wy & Dy 2: Joana Duarte
Joana Duarte komt út Portugal en wennet no al jierren yn Fryslân. Sy sprekt njonken it Frysk nóch acht talen. Joana is bysûnder heechlearaar meartaligens en wrâldboargerskip, is lektor oan NHL Stenden en jout les op de RUG yn Grins. Se komt dus in protte ferskillende minsken tsjin. Diversiteit is belangryk foar har. Se set har dêrfoar yn, foar gelikense kânsen, foar taal en in brede kulturele oriïntaasje. Sy tinkt 'global'. Troch har grutte talekennis kin se har ferbine mei de rest fan de wrâld. Hielke van Duuren freget har oft jo én wrâldboarger wêze kinne én tagelyk ferbûn wêze kinne mei in thús. Jout dat gjin spanning?
Mon, 22 Nov 2021 - 58min - 29 - Wy & Dy 3: Seye Herke Brinkman
Seye Herke Brinkman waard bekend as ien fan de blokkearfriezen. Op syn eigen wize, kompleet mei eksintrike outfit, sprekt hy him graach út tsjin bemuoienis fan de Rânestêd. Brinkman omearmet it âlde, sa't de dingen eartiids wiene. En alles dat Frysk is, hat by him in streekje foar - hy praat graach yn de 'wy-foarm' as it oer himsels en Fryslân giet, want 'de Friezen' en hy, dat is ien. Hielke van Duuren giet mei him yn petear oer syn ideeën. Wêrom fynt Brinkman Fryslân sa belangryk? En is der ek in kearside as jo jo sa fêstklampe oan ien plak en ien identiteit?
Mon, 22 Nov 2021 - 52min - 28 - Wy & Dy 4: Mirka Antolovic
Mirka is berne yn it eardere Joegoslavië. Op 'e flecht foar de oarloch yn de jierren tachtich kaam sy mei har mem yn Nederlân telâne. As jong famke hat sy hiel wat trochstien. Har bertegrûn, har freonen en famylje moast sy achterlitte, en yn it nije lân moast sy in nije taal leare, har oanpasse en har opnij ferbine mei oare minsken. No is Mirka Antolovic direkteur fan anty-diskriminaasjeburo Tûmba en sit se yn de ried fan Ljouwert foar de PvdA. Hielke van Duuren freget Mirka hoe't har skiednis har foarme hat, en wat Fryslân en syn ynwenners foar har betsjut.
Mon, 22 Nov 2021 - 1h 03min - 27 - Wy & Dy 5: Tjits van der Wal
Tjits van der Wal is teätermakker en sjongeres. Foar Omrop Fryslân makket sy flochs oer har gesinslibben mei man en twa bern yn Broeksterwâld. Dat liket hiel gewoan op it earste gesicht: in mem dy't bern nei skoalle bringt, harren foarlêst en ferskes sjongt. Mar wat opfalt, is de kulturele befleinens dêr't se har bern yn it Frysk mei grutbringt. Ek as teätermakker is sy altyd yn it Frysk dwaande. Foar har is dat sa wichtich, dat se 'der pikefel fan krijt'. Wêrom sit dy emoasje by Tjits sa heech, as it oer har en Fryslân giet?
Mon, 22 Nov 2021 - 43min - 26 - Wy & Dy 6: Harm Edens
Telefyzjepresintator en comedyskriuwer Harm Edens wennet oan de Aldebiltdyk. Hy hat in bining mei Fryslân, mar mear as taskôger, as as dielnimmer. Hy praat mei de Friezen, sjocht se yn har deistich bestean. In man dy't oeral de humor fan ynsjocht sil de komyske kant fan de Friezen sjen. Mar ek wêr't se serieus te nimmen binne. Harm Edens is ommers sels in jonge út de regio: hy groeide op yn Twinte en is in soan fan âlders út Grinslân. Hielke van Duuren giet mei Edens yn gesprek. Wêrom lûkt it plattelân, de provinsje him? En wat is syn eigen syktocht nei identiteit?
Mon, 22 Nov 2021 - 1h 03min - 25 - Wy & Dy 7: Marianne Klijnstra
As lytse poppe fan seis wike âld gong Marianne Klijnstra mei it fleantúch fan Sri Lanka nei Fryslân. Se waard grutbrocht troch har Fryske adopsje-âlders, op in pleats, tusken fee en greiden, yn de Fryske taal en kultuer dy't se folslein omearme hat. Ynterviewer Hielke van Duuren freget har: Wat gebeurt der mei dyn identiteit, asto fan it begjin ôf yn in oare kultuer opgroeist, as dêr'st berne bist? Dy taal is wichtich, seit Marianne, dat makket dat se folslein akseptearre wurdt yn Fryslân. Mar dêr skjirret it ek. Want hoe soe it wêze as se gjin Frysk prate? Soe har hûdskleur en achtergrûn dan in oar effekt hawwe op oare minsken? Prate mei Marianne Klijnstra is, sa ûnderfynt Hielke, foaral prate mei dysels: hoe iepen stean ík eins tsjinoer oare minsken?
Mon, 22 Nov 2021 - 55min - 24 - Wy & Dy 1: Hielke van Duuren, podcastmakker
Yn 'Wy & Dy' praat de jonge histoarikus Hielke van Duuren mei minsken oer har identiteit. Wat spilet dêrby in rol, en wat hat Fryslân dêrmei te krijen? Yn seis ôfleverings binne Joana Duarte, Seye Herke Brinkman, Tjits van der Wal, Mirka Antolovic, Marianne Klijnstra en Harm Edens te gast. As earste fertelt Hielke van Duuren sels wêrom't hy dizze podcast meitsje woe. Dat kaam troch it boek 'De wereld van gisteren', skreaun troch de Joadsk-Eastenrykse skriuwer Stefan Zweig. Dy rekke yn syn libben alles kwyt wat foar him 'thús' en 'identiteit' betsjutte. Hielke: 'Jo earne thúsfiele, earne weikomme, in bepaalde kultuer drage - dat sprekt net altyd fansels. As dat der net is, kinne minsken yn in djippe krisis bedarje. Wy kinne ússels ôffreegje: kinne wy wol minsk wêze sûnder identiteit, sûnder ús te ferhâlden ta de wrâld? De podcast Wy & Dy is in syktocht nei hoe't identiteit wurket. Under oare de Fryske identiteit, mar eins alle lagen fan identiteit dy't wy yn ús hawwe.'
Sat, 20 Nov 2021 - 11min - 23 - Beklimmers 1 Hans Peter Benschop
Yn diel 1 fan 'Beklimmers' in ynterview mei filosoof Hans Peter Benschop. Hy tinkt dat der in grut misbegryp is tusken plattelânsbewenners oan de iene kant, en wittenskippers en bestjoerders oan de oare kant. In oare opstelling nei it plattelân ta soe follle fruchtberder wêze, seit Benschop. 'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies en heart by de 'Beklimmers fan it flakke lân' fan FryslânDOK. Dy searje giet oer lytse, lokale inisjativen op it plattelân, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk yn dizze searje is fan Kjartan Sveinsson.
Thu, 08 Jul 2021 - 42min - 22 - Beklimmers 2 Eric Brinckmann
Yn Beklimmers diel 2 wurdt filosoof Eric Brinckmann ynterviewd. Hy is ek behearder fan in bûtenpleats. It lânskip is in wêzentlik ûnderdiel fan it libben op it plattelân. Mar de bewenners hawwe harsels hieltyd mear loskeppele. Eric Brinckmann wol de relaasje tusken minsken en it lânskip, dêr't se yn wenje, werombringe. 'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies en heart by de 'Beklimmers fan it flakke lân' fan FryslânDOK. Oer lytse, lokale inisjativen op it plattelân, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk yn dizze searje is fan Kjartan Sveinsson.
Thu, 08 Jul 2021 - 52min - 21 - Beklimmers 3 Imke de Boer en Evelien de Olde
Imke de Boer en Evelien de Olde binne ûndersikers 'dierlijke productiesystemen' oan Wageningen University & Research. Harren fisy op de takomst fan de lânbou begjint by de boarger. Dy moat belutsen wurde by syn eigen produksje fan iten, sadat hy 'm dêrfoar ferantwurdlik fielt. Boppedat pleitsje De Boer en De Olde foar 'miljeuplafonds', dat wol sizze: de makismale belêsting dy't in regio hawwe kin fan de lânbou. It idee is dat de boer ek 'steward' fan it lânskip is, en dêrfoar ek betelle wurdt. 'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies en heart by de 'Beklimmers fan it flakke lân' fan FryslânDOK. Oer lytse, lokale inisjativen op it plattelân, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk yn dizze searje is fan Kjartan Sveinsson.
Thu, 08 Jul 2021 - 53min - 20 - Beklimmers 4 Herman Lelieveldt
Neffens politikolooch Herman Lelieveldt hat de frije merk net it bêste foar mei de sûnens fan de befolking. Minsken binne net yn steat om de ferlokkings fan goedkeap en net-sûn iten te wjerstean, en foaral de plattelanner is dêr gefoelich foar. De oerheid moat mear stjoering jaan, mient Lelieveldt. Hy is ferbûn oan University College Roosevelt yn Middelburg. 'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies by de FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân'. Oer lytse, lokale inisjativen op it plattelân, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk yn de 'Beklimmers-searje' is fan Kjartan Sveinsson.
Thu, 08 Jul 2021 - 43min - 19 - Beklimmers 5 Floris Alkemade
Ryksboumaster Floris Alkemade tinkt dat it plattelân belangryk is foar de fernijing yn enerzjy, lânbou, ynfrastruktuer en it ynrjochtsjen fan de iepenbiere romte. Alkemade leaut yn de krêft fan doarpen. Hy neamt se ideale leefmienskippen, dêr't minsken elkoar stypje en rekken hâlde mei inoars belangen. Beklimmers is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies en heart by de FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân'. Oer lytse, lokale inisjativen op it plattelân, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk yn de 'Beklimmers' is fan Kjartan Sveinsson.
Thu, 08 Jul 2021 - 38min - 18 - Beklimmers 6 Jouke de Vries
Hoe hâlde ambisjeuze studinten yn Fryslân perspektyf op in goede baan en in goed thús, sadat se net nei de Rânestêd hoege te ferhúzjen? Neffens Jouke de Vries, bestjoersfoarsitter fan de Ryksuniversiteit Grins, kinne júst de jongeren de regio ûntwikkelje. Der hoecht gjin sprake te wêzen fan 'leechrin' en 'braindrain'. 'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies. De FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân' giet oer inisjativen op lokaal, lytsskalich nivo, betocht op basis fan grutte ideeën en idealen. De muzyk yn de searje is fan Kjartan Sveinsson.
Thu, 08 Jul 2021 - 51min - 17 - Beklimmers 7 Caspar van den Berg
De ûnfrede op it plattelân rjochting Den Haach nimt ta. Heechlearaar 'Global & local governance' Caspar van den Berg wol de plattelânsgebieten Fryslân en Seelân oanwize as laboratoaria foar in demokratysk eksperimint. Van den Berg is ferbûn oan de University Campus Fryslân. 'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies en heart by de FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân'. De searje giet oer lytse, lokale inisjativen op it plattelân, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk is fan Kjartan Sveinsson.
Thu, 08 Jul 2021 - 59min - 16 - Beklimmers 8 Joke Hermsen
Kalmte en oandacht binne nedich om kreatyf te tinken, seit filosofe Joke Hermsen. Ast opjage wurdst troch de klok, rekkest út balâns en is der in risiko op burn-out. Wy moatte, seit Hermsen, sa no en dan oan de kloktiid ûntsnappe. Dizze ôflevering fan de 'Beklimmers' giet oer besinning. 'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies en heart by de FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân'. Oer lytse, lokale inisjativen, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk yn de searje is fan Kjartan Sveinsson.
Thu, 08 Jul 2021 - 47min - 15 - Beklimmers 9 Albert van der Zeijden
Histoarikus Albert van der Zeijden wurket foar it Kenniscentrum Immaterieel Erfgoed. Bart Kingma ynterviewde him oer it belang fan tradysjes. Fersterkje dy de regio, of hâlde se de foarútgong tsjin? 'Beklimmers' is in podcast fan Bart Kingma en Karen Bies, by de FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân' oer fernijing op it plattelân. FryslânDOK siket nei lytse, lokale inisjativen, basearre op grutte ideeën en idealen. De muzyk yn de searje is fan Kjartan Sveinsson.
Thu, 08 Jul 2021 - 58min - 14 - Molke, de podcast 1: Remko Kuipers
'Molke, de podcast' giet oer molke. Joris Driepinter, Melk is goed voor elk, en Melk de witte motor. Nederlân is grut wurden mei molke, en mei it idee dat ús suvel de bêste fan de wrâld is. Mar hoe sûn is molke eins? Yn diel 1 fan dizze podcast in ynterview mei kardiolooch Remko Kuipers, skriuwer fan it boek 'Het Oerdieet'.
Sat, 27 Feb 2021 - 40min - 13 - Molke, de podcast 2: Ton Baars (diel 1)
Nederlân is grut wurden mei molke en it idee dat de suvel yn ús lân de bêste fan de wrâld is. Yn 'Molke, de podcast' wurdt kritysk sjoen nei it produkt molke. Yn ôflevering 2 in gesprek mei prof. dr. Ton Baars, ûndersiker molkekwaliteit en ferbûn oan de universiteiten fan Kassel en Utrecht. Hy hat jierrenlang ûndersyk dien nei molke.
Sat, 27 Feb 2021 - 33min - 12 - Molke, de podcast 3: Ton Baars (diel 2)
Ton Baars is ûndersiker molkekwaliteit. En in waarm pleitbesoarger fan rauwe molke. Dat soe folle sûner wêze as de molke dy't wy yn de supermerk keapje. Yn de tredde ôflevering fan 'Molke, de podcast' praat Ton Baars fierder mei ynterviewer Bart Kingma oer dy rauwe molke.
Sat, 27 Feb 2021 - 44min - 11 - Molke, de podcast 4: Catharinus Wierda
Yn 'Molke, de podcast' praat ynterviewer Bart Kingma mei ferskate saakkundigen oer it belangrykste produkt fan de Fryske lânbou en de Nederlânske suvelyndustry: molke. Nederlân is der grut mei wurden, mar hoe sûn is molke eins? Yn diel 4 fan dizze searje Catharinus Wierda, hy is lytsskalich suvelûndernimmer mei grutte idealen.
Sat, 27 Feb 2021 - 51min - 10 - Molke, de podcast 5: Jan Bles (diel 1)
Jan Bles hat jierren wurke by FrieslandCampina, it konsern dat sa'n 80% fan de Nederlânske suvel produsearret. Hy wie pionier yn de eksport fan dy suvel oer de hiele wrâld. Yn 'Molke, de podcast' in ynterview mei Jan Bles.
Sat, 27 Feb 2021 - 55min - 9 - Molke, de podcast 6: Jan Bles en en Hessel Jan Sinnige
Nei syn karriêre by FrieslandCampina is Jan Bles foar himsels begûn. Yn Wâldsein hat er in restaurant en hy wurket gear mei de lytse suvelkoperaasje Zuco. Hoe wurket dat? Yn diel 6 fan 'Molke, de podcast' fertelle Jan Bles en Hessel Jan Sinnige deroer.
Sat, 27 Feb 2021 - 47min - 8 - De berchrede fan it flakke lân: Anja Haga
Anja Haga is skaad-fraksjelid fan de ChristenUnie yn it Europarlemint. Sy hat meiholpen oan de 'New Green Deal', it grutte plan om fan Europa it earste klimaatneutrale kontinint te meitsjen. Mar krekt doe't it derop oankaam, waaide it coronafirus oer Europa en trof ek Anja Haga. Sy sit no al trije moanne siik thús. Bart Kingma ynterviewde har troch it rút hinne.
Fri, 10 Jul 2020 - 41min - 7 - De berchrede fan it flakke lân: Jabik Veenbaas
Filosoof en publisist Jabik Veenbaas wiist yn syn essay nei 'De Ferljochting', it 18e-iuwske tiidrak dat sjoen wurdt as de kreamkeamer fan de moderne westerske kultuer. In kultuer dy't foarútgong en frijheid brocht, mar tagelyk ek problemen. Veenbaas is fan miening dat de oplossings foar dy problemen ek yn de Ferljochting te finen binne.
Thu, 09 Jul 2020 - 54min - 6 - De berchrede fan it flakke lân: Nynke Laverman
Nynke Laverman siet middenyn de tariedings foar har nije foarstelling 'Plant', oer hoe't minsken har ferhâlde ta de ierde. Troch it coronafirus moast Nynke nije manieren betinke om dochs har foarstelling foar it fuotljocht te bringen. It is in belangryk ferhaal, dat oan de minsken ferteld wurde moát. Yn natoergebiet de Deelen nimt Bart Kingma mei Nynke Laverman dizze podcast op.
Fri, 03 Jul 2020 - 41min - 5 - De berchrede fan it flakke lân: Govert Geldof
Govert Geldof wennet yn Tsjom en is 'civiel ingenieur' en skriuwer. Hy hat him ferdjippe yn de kompleksiteit fan de maatskippij. Neffens him kinne bestjoerders wat leare fan it wurk yn de praktyk. Syn lêste boek hjit 'Halvering van de waanzin'. Yn de podcast 'Ferhalen fan it flakke lân' praat Bart Kingma mei Govert Geldof oer yngewikkelde maatskiplike prosessen en nije paden.
Thu, 02 Jul 2020 - 36min - 4 - De berchrede fan it flakke lân: Theunis Piersma
Yn de podcast 'De berchrede fan it flakke lân' freget Bart Kingma oan wittenskippers en oare tinkers: Hoe moat de wrâld nei de coronakrisis derút sjen? Yn diel 4 biolooch Theunis Piersma. Hy wol graach dat kuierpaden yn it boerelân wer frij tagonklik wurde. Ynspirearre troch de 'public foodpaths' fan de Britten, it 'allemansrecht' fan 'e Sweden, en it Beerda-kuierpaad troch de greiden fan de Ruterpolder by Drylts.Theunis Piersma: 'Dêr't it boerelân wolkom en freonlik is, sûne romte jout oan minsken en oar libben, dêr't wy ússels ferbine mei natuer, mei de grûn, de ierde. In boerelân dêr't wy mei in gerêst hert djip sykhelje kinne (en dat in prima alternatyf is foar bûtenlânske fakânsjes). Witte jimme it noch, dy treast fan de natuer, it gelok fan it ien wêzen mei lûden, kleuren en geuren? En wolle we gjin romte foar frijende steltsjes yn heal-meter-heech-gers-mei-blommen?'
Fri, 22 May 2020 - 1h 02min - 3 - De berchrede fan it flakke lân: Ineke van Gent
De podcast 'De berchrede fan it flakke lân' giet oer de wrâld nei de coronakrisis. Yn diel 1 praat Bart Kingma mei Ineke van Gent, boargemaster fan Skiermûntseach: 'Laat ons inzien dat we wellicht een pas op de plaats moeten maken. Dat we moeten inzien dat alles hebben, alles opeisen, alles vanzelfsprekend vinden, alles, alles, alles, alles... niet de manier is waar we gelukkig van worden en voorbij gaat aan de kern van ons bestaan.'
Fri, 15 May 2020 - 31min - 2 - De berchrede fan it flakke lân: Oeds Westerhof
De podcast 'De berchrede fan it flakke lân' giet oer de wrâld nei de coronakrisis. Bart Kingma praat mei kultureel ûndernimmer Oeds Westerhof. Hy pleitet foar it wearber meitsjen fan minsken. Westerhof: 'Troch elkenien wissichheid te jaan dat der moarn jild is om iten, hûs, soarch en persoanlike ûntwikkeling te beteljen. Troch sekerheid te bieden foar de meast basale saken, beheine we risiko's op ûnnedich leed en rebûlje.'
Sat, 16 May 2020 - 43min - 1 - De berchrede fan it flakke lân: Greet Andringa
De podcast 'De berchrede fan it flakke lân' giet oer de wrâld nei de coronakrisis. Bart Kingma praat mei terapeut Greet Andringa oer stilstean by sykhelje. De lucht rêstich yn en út jo longen streame litte. Sa gewoan, sa fan it begjin ôf by ús, dat we al lang fergetten binne derby stil te stean.Yn- en útstreamende lucht. Skjinnere lucht. En dat jout hoop: as wy it in toskje minder dogge, gewoan stilstean en sykhelje, wurdt ús omjouwing, de loft, it wetter ek wier skjinner. It hat sin en it is mooglik.
Thu, 21 May 2020 - 37min
Podcasts ähnlich wie FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân
- El Partidazo de COPE COPE
- Herrera en COPE COPE
- The Dan Bongino Show Cumulus Podcast Network | Dan Bongino
- Es la Mañana de Federico esRadio
- La Noche de Dieter esRadio
- Hondelatte Raconte - Christophe Hondelatte Europe 1
- Affaires sensibles France Inter
- La rosa de los vientos OndaCero
- Más de uno OndaCero
- La Zanzara Radio 24
- Espacio en blanco Radio Nacional
- Les Grosses Têtes RTL
- L'Heure Du Crime RTL
- El Larguero SER Podcast
- Nadie Sabe Nada SER Podcast
- SER Historia SER Podcast
- Todo Concostrina SER Podcast
- 安住紳一郎の日曜天国 TBS RADIO
- The Tucker Carlson Show Tucker Carlson Network
- 辛坊治郎 ズーム そこまで言うか! ニッポン放送
- 飯田浩司のOK! Cozy up! Podcast ニッポン放送
- 武田鉄矢・今朝の三枚おろし 文化放送PodcastQR
Andere Gesellschaft und Kultur Podcasts
- Moordzaken Carrie & Eddie
- De Jortcast NPO Radio 1 / AVROTROS
- Veldheren Peter van Uhm, Mart de Kruif, Jos de Groot / Corti Media & WPG studio's
- De zaak ontleed De Telegraaf
- Nachtzuster NPO Radio 1 / Omroep MAX
- Napleiten Wouter Laumans, Christian Flokstra, Ayse Çimen
- De Zaak X AD
- Van Dis Ongefilterd Atlas Contact / Adriaan van Dis
- De Snobcast Jort & YvRA / Tonny Media
- Teun en Gijs vertellen alles Teun van de Keuken & Gijs Groenteman
- Echt Gebeurd Echt Gebeurd
- Aaf en Lies lossen het wel weer op Tonny Media
- De Geknipte Gast NPO 2 / BNNVARA
- Global News Podcast BBC World Service
- Veroordeeld Veerle Hammerstein, Lauren Fabels / Corti Media & Podimo
- TED Talks Daily TED
- Parool Misdaadpodcast Het Parool
- Parlons-Nous RTL
- De moord op mijn vader Dagblad van het Noorden
- De Saarpodcast. 50+ maar nog lang niet dood Saar Magazine